Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Kameleon 2


Kameleon 2 (2005)

Mei de Kameleon twa makket Steven de Jong in telflaterke yn syn filmtitel. Sa is dit fansels net diel 2 mar diel 3 want earder draaiden al De Kameleon sjocht yn it waar en Schippers van de Kameleon yn de bioskoop. De regiseur hat der dizze kear net foar keazen om in besteand boek fan Hotze de Roos te ferfilmjen. Ynstee dêrfan hat er út meardere boeken wat saken liend en dêr syn eigen sauske oer hinne getten. Sa moatte de skippers fan de Kameleon dizze kear bygelyks op it mar in echte tsunamy trotsearje.